Audysjes foar iepenloftspul ‘Dûnsjende Wiis’

Nieuws

HARKEMA -  Op sneon 29 novimber en snein 30 novimber wurde yn Harkema de iepen audysjes hâlden foar it iepenloftspul ‘Dûnsjende Wiis’ dat yn septimber 2015 oer it fuotljocht brocht wurde sil op it terrein fan it Themapark Openluchtmuseum De Spitkeet yn Harkema.
Op snein 14 desimber sille der dûnsaudysjes hâlden wurden yn de de dûnsskoalle Dansida fan Ben Vieberink yn Drachten. Dûnsjende Wiis is sûnt 2005  it fjirde stik dat troch Stifting Iepenloftspul Harkema op de planken set wurdt. Dûnsjende Wiis is in Frysk fiel-goed ferhaal, basearre op de film Dirty Dancing út 1987. It is skreaun troch regisseur Tineke Broers, dy’t ek de eardere stikken Eye Wykstra (2005), Tabak! (2008) en Simke (2011) regissearre. Yn it stik giet Famke Huisman (17) yn de simmer fan 1963 mei har âlden en suster op fakânsje nei Skylge. Dêr moetet se Sjonnie, dy’t as lid fan it ferdivedaasjepersoniel dûnslessen jout op it fakansjepark. Yn in pear wike tiid belibbet Famke har earste leafde en wurdt se troch in pear libbenslessen tagelyk dûnsjende wiis. Der binne fansels jonge minsken nedich dy’t graach dûnsje en toanielspylje wolle.
Mar ek âldere spilers binne wolkom want der binne minsken fan alle leeftiden op fakânsje nei it Eilânpark. Wolst meidwaan en bist ree om der best wol in soad tiid en enerzjy yn te stekken, jou dy dan op! Dat kin troch it audysjeformulier te downloaden fia de webside: www.iepenloftspuldeharkema.nl en foar 15 novimber te mailen nei: auditie@iepenloftspuldeharkema.nl

UIT DE KRANT